Stoflike ferskining fan de Keizer

Ja! Dêr hast him wer. It knalt hjir al aardich om it Martiniplein hinne. Reden om hjoed de doar mar net út te gean. Ja, ik bin in suertsje.

Goed jier achter de rêch, mei in nije bondel by in útjouwer dy’t lykwols net mear wit wat idealisme is. Bin efterôf ek net sa te sprekken oer de stoffelike ferskining fan it boekje. It fielt frijwat goedkeap oan. De ynhâld… is in oare saak. Wy sille hurd trochwurkje yn it nije jier. Jim binne noch net fan my ôf.

Ah! Der is ek in nije Moanne. Net sa goed, mar ek net freeslik min. Ik freegje my al ôf wêrom’t dat manifest fan de KH2018-oanhingers der yn de Hollânske ferzje yn stiet. Der is ommers ek in Frysken-ien. Ah, fansels, ik begryp it, oars kin Henk Keizer it net lêze.

Der is nammers ek in nij item yn it foarum fan ensafh pleatst. Kom mar efkes del, en skuor jim de mûle mar iepen.

Waarmje jûn bakje iten op.

It alderbêste tawinske foar 2012. Dus.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
sjieuwe borger Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
sjieuwe borger
Guest
sjieuwe borger

Ik haw dat nij item ris lêzen en ik tink dat beide skriuwers wol wat oan har frysk dwaan meie en dat is nin understatement.

allegearre in poerbêst 2012 tawinske.