Koperative €-tekens

Ja, noch tige drok mei skriuwen, mar it sjit aardich op. Disipline, in wurd dêr’t  ik oars wat allergysk foar bin, mar no moat it. En ik fyn it ek net slim.

Nijsgjirrich berjocht by Henk van der Veer, ek sitearre op ensafh. Dus de Koperative Utjowerij bestiet yn feite noch. Ik haw dat brief nammers net krigen, mar it sil wol nei myn âlde adres yn Grins stjoerd wêze. Of wie ik gjin lid mear, ik wit it wier net mear.

Ik hie it der lêstlyn al mei in pear kollega’s oer: de KU soe eins wer oprjochte wurde moatte, mar dan al wat oars as dat it earder gie. Fan de measte útjouwerijen yn Fryslân falt neat mear te ferwachtsjen, dy hawwe allinnich mar €-tekens yn de eagen. Leafde foar it Frysk is der net by. Lykwols, der binne ek noch goeien by, mar it wurdt hurd minder.

En Jannewietske kin wol sizze dat der net besunige wurdt op Fryske literatuer, mar dat is dus al sa. Der ûntbrekt by ús deputearre kennis fan saken. It kin har ek neat skele. En wêrom hawwe dy lju fan KH 2018 it nea oer de Fryske literêre situaasje? Of haw ik dat mist?

Jûn ôfpriisd bakje bamy. Lekkel.

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Knillessjieuwe borger Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
sjieuwe borger
Guest
sjieuwe borger

hallo cor,

kinsto my in ôfskrift fan dyn brief of dy fan in oar lid tastjoere, ik soe it wol ris besjen wolle. der is ommers ferlet fan (it behâld fan) útjouwers.

groetnis, sjieuwe