Rients Knyflok

De freedsbylage fan de Ljouwerter Krante ris trochlêzen. Is dat eins net in bytsje oerdreaun om withoefolle (haw se net teld) artikelen oan Rients Gratama te wijen? Ik bedoel mar, it liket hast wol in hillichferklearring.

It sil grif in aardige man wêze, en wat er makket is ek wol aardich, mar it docht my net sa folle. No ja, it leit oan my, hâld it dêr mar op.

Ik haw oars noch altyd gjin ferwizing nei it Snitser Dichtersfestifal fûn yn dizze selde  krante, mar dat leit grif ek oan my.

Wy soene it hast hielendal ferjitte, mar op 27-01-2012 lês ik ek foar, te witten yn it Harnzer Heerenlogement. Klik hjir foar mear ynfo.

Ik waarmje aanst makaroany op, in skoftke lyn haw ik in hiele panne fol makke. Sit aardich wat knyflok yn.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of