Cafeetje Kroes

No, einlings is it safier: de Ljouwerter Krante hat hjoed oandacht bestege oan de Dichtersjûn, oare moarn hjir yn Snits. Se hawwe it lykwols oer in ‘cafeetje in Sneek’. Dat sil dan wol in *kuch* humoristyske ferwizing nei in ferske fan drs. P. wêze, want Café Vellinga kinne wol sa’n 300 man yn, perfoast gjin ‘cafeetje’ dus.

By Tresoar dogge se ek wichtich wurk, dat is algemien bekind. Se hawwe útfûn dat in sjongereske fiere famylje is fan in fotomodel. Dat is fansels grut nijs, ik hie it net misse wollen.

Ik haw der in skoftke net mear nei sjoen, mar by Boeken fan Fryslân is it noch altyd net trochdrongen dat û.o. Knilles in nije dichtbondel útbrocht hat. Yn maaie 2011. It hat gjin gjin doel dy lju te mailen, de ûnfatsoenen jouwe dochs gjin antwurd.

Waarmje bakje iten op.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *