Wy binne wer in jier âlder wurden! Yep, 56.
En ik haw in pear tige drokke dagen efter de rêch. It Snitser Gedichtebarren wie neffens my in grut sukses. Ek Suertsje de Vries, fan de Ljouwerter Krante, fûn it net ferkeard.
Juster haw ik ek yn Harns foarlêzen, mei as honorarium in oernachting yn in Heerenlogement. Lekker sliept! En in prachtige jûn fierders. Ik hie myn brom-lûd opsetten by de foardracht. It wurke neffens my.
En och och KH18… Alwer in stupide flater fan de Frysk/Ljouwerter kandidaat. Se hawwe gewoan de statuten en regeleminten net lêzen, ús rju eale bestjoerders. Besteande projekten dogge net mei. Hie Jannewietske witte kind. En dy Siem de Jong kin noch altyd gjin Frysk prate.
It amateurisme yn de top fan de mêst fan de strontpream.
Haw hjoed net iten. Ik drink.
[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=HoqRKmOMqs4[/youtube]
Comments 4