Ferstikkende ynfloed

Der is wer reboelje om Teake Oppewal cs. hinne. Earder al hat de man him op skandalige wize útlitten oer Gysbert-winner Josse de Haan. Ik begryp wier net dat de man noch yn funksje is. Ik haw myn poarsje ek wol krigen. Jierrenlange tsjinwurking, misledigingen ensafh. Mar by Tresoar fine se dat allegear hiel normaal. De man mei gewoan syn gong gean. Ek de stuitsjende freontsjespolityk dy’t de man beoefenet – it falt blykber gjin minsk op. No, my wol. Hoe faak is no bygelyks Aapke de Vries al frege, it ôfrûne jier, om foar te dragen? It is hast net te tellen. Ja, ús Aapke slikket him stadich en genipich in wei omheech, sadat er aansens wer direkteur fan ien of oar wurde kin: en dan – komt de wraak.

Mar goed, Teake O. dus. It giet diskear oer Leafdedea, fan De Baron. Lês it sels mar wat De Haan en Mous skriuwe. It frijwat hystearysk werwurd fan frou Caers is eins net iens serieus te nimmen.

Myn fraach is: wannear stapt Oppewal ris op! De man hat in ferstikkende ynfloed op de hiele Fryske Literatuer. De man is net mear te hanthavenjen.

Jûn waarm iten.

 

 

Comments 4