Explore the Fascist

In nijsgjirrich Teleksberjocht op de digitale edysje fan it iennige Fryske literêre tydskrift, ensafh: lês it hjirre. It earste Periopamflet, oer KH18. Eeltsje Hettinga strikes again, mient er sels alteast.

Sjoch, it sit sa, wannear’t E. Hettinga it net mei in oare skriuwer iens is, dan is dy oare skriuwer in faksist. En wannear E. Hettinga in boek net moai fynt, dan moat de skriuwer fan dat boek dea. Hettinga is it no net iens mei bepaalde saken om KH18 hinne. Ik ek net. Ik haw der faak genôch oer skreaun op dit plak. It soe yn elts gefal in grutte ferbettering wêze en set de hear A. de V. net langer as wurdfierder fan de Bidbook-kommisje yn. Ja, De V. kin hiel goed prate, hy seit allinnich neat, ynhâldlik sjoen.

Wat dizze Hettinga lykwols yn dit pamflet docht, en Hans van der Heijde wurdt meisleept yn syn sok, is it meitsjen fan in Godwin. Wikipedia seit: ‘Naarmate online discussies langer worden, nadert de waarschijnlijkheid van een vergelijking met de nazi’s of Hitler‘.  It is yn feite ek in swaktebod, en it smoart de diskusje.

Wat no sa apart is: Eeltsje Hettinga hat sels, as dichter, meiwurke oan in projekt dat ûnderdiel útmakket fan KH18. De bêste man hie tink in bûssintsje nedich. Foar de minsken dy nea op linken klikke of net witte wat dat binne:

Explore The North

Postadres
Stichting Kulturele Haadstêd 2018
t.a.v. Explore the North Festival
Postbus 2529
8901 AA  Leeuwarden

Bezoekadres / visitors address
Agora 4
8934 CJ Leeuwarden

Ons e-mailadres is info@explore-the-north.nl

En dan hjir it dielnimmersfjild mei Eeltsje-Om derby.

It wurdt no tiid om mysels op it boarst te klopjen, moai gefoel altyd. Ik haw, as dichter, doe’t ik trochkrige dat Explore the North in projekt fan KH18 wie, daliks ôfsein, want ik wie al útnoege. Ik hie der earst ek noch wol wat spyt fan, mar no’t ik lês hoe’t se dêr mei Fryske dichters omgean, bin ik efterôf bliid. Lês it ferhaal fan Anne Feddema: wol jild om in Iislânske dichter yn te fleanen, mar foar in Gysbert winner dy’t út Berlyn komme moat hawwe se gjin sint oer.

Dat, dus en alsa is de wittenskiplik ûnderboude konklúzje: Eeltsje Hettinga fjochtet tsjin de faksist yn himsels.

Haw juster in grutte panne mei sop fan wâldbeantsjes makke. De froast der efkes oer, wurdt lekker sminkeljen fannejûn.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments