It is wer safier: de digitale edysje fan de LC mist wer in pear siden. Ik haw fansels in mail stjoerd, mar myn ûnderfining is dat dêr gjin antwurd op komt. De foarside sit der ek by, en dy woe ik oars wol graach lêze.
De Nachtrider is ta ynkear kommen en hat de side dy’t Abe fuorthelle hie weromsetten. No haw ik sels de side mei de fuorthelle side fan de Nachtrider wer fuorthelle. Dus.
Fannemiddei in aardich radiootsje by de Dorcas hjir yn Snits kocht, foar €2,-. Dêr steane ek in soad Fryske boeken te keap, bygelyks de Ring fan it Ljocht fan Ype Poortinga. Sil ek net mear as ien, twa € kostje.
Stampot Boerekoal
It is no wol teiwaar, no