Tragyske moanne

Ja, leave berntsjes, ik haw it pamflet. Ja, kocht. En ek al útlêzen, yn de trein rjochting Grins en werom. No baarnt it my yn, mar ik sil der (tink) op in oar plak oer skriuwe. Dat ik sis neat!

Ek binnen, mar dan net kocht, want it is skandelike djoer, mar liend: de Samle fersen fan Douwe Tamminga. Ik haw wolris mei Tamminga praat. Ik wit net rjocht mear wannear’t dat wie. It sil al gau 20 jier lyn west hawwe.  It gie oer syn gedicht Poète Maudit, as it my net mist. Tamminga frege him ôf: wurd ik noch wol lêzen? Ik haw him doe gerêststeld. Der sit ek in cd mei in pdf by, dy set ik fansels op myn e-reader.

En, hie it net fatsoenlik west en neam it artikel fan Piter Boersma yn dit berjocht dat op de side fan de Moanne stiet?  Beide stikken geane oer de PR by de Rink van der Veldepriis. En as it my net mist wie it Boersma, dy’t de diskusje op gong brocht hat. Mar it is meiwurkers fan de Moanne blykber ferbean om ek mar it wurd ensafh te neamen. Lytsbernich, mar ek tragysk, soks.

Haw stampot boerekoal opwaarme.

9
Leave a Reply

avatar
9 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
Grutte PierAbeKnilles Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Ach wat spitich. It wie krekt sa gesellich. Jo fine ús Abe dochs ek in aardiche fint, no.

Abe
Guest

Ha goeie, Cor, alwer fout. Ik diskussiearje net, ik jou dy keurich it linkje dêrst om fregest.

fr gr Abe

Grutte Pier
Guest

Welke reaksje soe ús Abe bedoele. ik sjoch neat. Of stie ‘Die Fahnen hoch’ dochs wat te hurd? De oersetting fan ‘opsokkebalje’ is ‘ausradieren’, no.

Abe
Guest

Ja, it is in fraai epistel yn de fan H. bekende paranoïde styl. It stikje – sorry, efkes Die Fahnen hoch wat sachter sette, oars kin ik mysels net typen hearre – dat er oan my taskriuwt ha ik net skreaun, sjoch weblog Mous 21 desimber by reaksjes. En alles wat op it log fan Mous stiet kloppet, sa’t elkenien wit.

Abe
Guest

Nee, mei fetsoen hat it neat te krijen… Want Piter konstatearret allinnich mar “the obvious” en Sito lient gjin ynfo fan him. Pyt Paulusma neamt dochs ek net elke kear it buo Meteo?