Ek op nije side KH18 gjin Frysk! +Updeet

No, it kin wêze dat it noch komt, mar yn elts gefal hat it gjin prioriteit: de Fryske taal yn ferbân mei KH18. Der is in nije side makke. Hy is noch net klear, dat jou ik ta, mar no al kin sein wurde dat it der net al te moai útsjocht. Hjir stiet er, woansdei moat er klear wêze, sa lies ik.

Ja, dat hie ik wol sjoen, dat hiele lytse, ferburgen knopke, hielendal ûnderoan, dêr’t Frysk opstiet. Mar der komt in foutmelding wannear’t jo dêr op klikke. Neffens guon minsken ìs Frysk ek fout.

Wy sille sjen, mar ik frees mei grutte freze.

Updeet: de site stiet no offisjeel online. Wat docht bliken: ek it lytse knopke dêr’t ‘Frysk’ op stie is fuorthelle, en dêrmei is der gjin wurd mear yn de Twadde Rykstaal te finen, op de hiele side net.

Sjapeu Friezehaters! Foar KH18 bestiet de hiele Fryske taal net, of it is op syn bêst in bysaak, dêr’t se faaks letter oan takomme.

 

Beannesop opwaarmje aansens, mei brea wurdt it iten.

 

3
Leave a Reply

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Grutte Pieranne feddema Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest
anne feddema
Guest
anne feddema

Grutte Pier weet fan niks…ok is gien Leewaddes en Luwwarders…mwaah, mwaah…ut liekt nerns op…

Grutte Pier
Guest

Ok gjin Luwwarders, no.
Kulturele Haedstêd, kin dat ok in de frituer?