Untheisterjende rôze bamy

No sa, dêr wie ik al wer. In drokke dei mei it op it net setten fan de nije ensafh. Mar dochs ek in oerke bûten west, om ris te sjen hoe’t yn Snits de keninginnedei fierd waard. Bearegesellich! En wat in enoarm grutte frijmerk hjirre, dêr is Grins neat by. Lykwols neat kocht, want jildpine. Komt troch… Och lit dat soere kabouterke mar. Is sels gjin link mear wurdich.

Der stiet oars in hiel nijsgjirrich artikel op ensafh, lês it sels mar. Ik bin bang dat se hjir by sirkwy.nl en Elikser net sa bliid mei binne, it is frijwat ûntheisterjend foar it hiele Printing on Demand-projekt fan Tresoar c.s. Ek mar nuver dat dy side noch hieltyd net oanpast is. Ik alteast kin dy rôze letters net lêze! En wêrom sit der gjin feed foar de nijsberjochten op sirkwy.nl? No?

Haw… bamy iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of