Wer selssensuer by Abe de Vries!

It ûndersteande berjocht hat Abe fuorthelle, mar it is al de muoite wurdich!

Foar Goasse Brouwer fan Frysk en Frij skriuw ik noait wer ek mar ien wurd

 

door noreply@blogger.com (Abe de Vries (1965))

Der binne dagen dan ha ik net folle nocht mear en heakje ek noch mar ien letter, ien wurd, ien rigel ta oan it besteande corpus Fryske literatuer. Dat hat neat te krijen mei de literatuer sels, mar alles mei de minsken dy’t dêr op ien of oare wize in rol yn spylje.

As jo ien fan de wichtichste Fryske dichters yn in oar ljocht sjen litte as wenst, dan wurde jo foar faksist útmakke, mei hakekrúskes op ynternet en al, en jo meie de kanker krije.

As jo in resinsje skriuwe oer in dichtbondel en de dichter yn kwestje kin neat ferneare, dan ha jo der wer in “fijân” by.

As jo in jier letter in ferske fan sa’n *** foarlêze sille foar de nasjonale radio, ek as in soartemint fan hânrikking, dan wolle jo goede sier meitsje mei in oar syn wurk.

As jo it besykje en meitsje yn in entûsjasmearjend bedoeld stik dúdlik dat de kultuer yn dizze provinsje wol in fris wyntsje brûke kin, dan wurde jo útmakke foar “rassist” en foar “folksnasjonalist” en as tank nimt de deputearre sa’n fiis fodsje papier noch yn ûntfangst ek.

As jo wiken-, nee, moannenlang dûke yn it wurk fan in ferneamd Frysk dichter en jo skriuwe dêr in sa’n 17.000 wurden tellende ynlieding oer, grôtfol mei saken dêr’t noch nea earder oer skreaun is, ek al is de oanbelangjende dichter al 18 jier net mear ûnder ús, dan komt der in presintaasje dêr’t in oar foar frege wurdt om in wurdsje oer it wurk fan dizze dichter te sizzen. Dat lêze jo dan yn in mailtsje.

En sa soe ik noch wol efkes trochgean kinne. Mar dat doch ik net. Ik doch mar krekt as bliedt myn noas. De presintaasje fan de Samle Fersen fan Jan Wybenga is op 28 septimber om 16:30 yn de tsjerke fan Warten. Moai op ‘e tiid! De Moanne fan it Fryske Boek is dan yn alle gefallen alwer op ‘e helte, dat skeelt.

Der sil sinjeard wurde, stiet der ek noch by. Net – foar alle dúdlikens – troch my.

Fryslân boppe! Mar foar Goasse Brouwer fan Frysk en Frij skriuw ik noait wer ek mar ien wurd.

.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of