Griene Leafdesbrieven

Noch lang net klear mei it op ‘en nij ynrjochtsjen fan de laptops. Moatte noch hiel wat GB’s oan samples en vst-plugins ynstallearre wurde. Mar net alles tagelyk, it hoecht net sa hastich, en de boaze bûtenwrâld sit der net op te wachtsjen.

Moai oars dat der wer in tige aktive Fryske blogger bykommen is. Ik haw it fansels oer de heimsinnige Griene Tsiis, op it stuit dwaande mei besprekken fan Frysk proaza. Ja, Fryske boeken -ik wit it, ik fal yn herhelling, mar hee, fermoardzje de boadskipper net en sjit net op ‘e pianospiler – Fryske Boeken, dêr hâlde se net fan, by Omrop Fryslân. Ek ankom snein wer in soartemint fan ferlechje om gjin Frysktalich boek foar it fuotljocht te heljen. Ik haw it oer dit item:

En dêr heart dit lûdsfragmint by. Alwer dus in frou út Ljouwert as in healbakken Fryske link. Mar wêrom no net ris de hytste leafdesbrieven fan Koos Tiemersma, Sjieuwe Borger, Durk van der Ploeg, Tsjêbbe Hettinga, Tiny Mulder, of… byneed Knilles?

Sil jûn de Spaghetty mei Makriel opwaarmje.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *