De oerwinning fan de brutsen kowekop yn de ripe mist + updeet

Ha! Dêr wiene se al, de nominaasjes foar de Fedde Schurer Publykspriis.. Dus net op 7 april, mar op de 6e al. No no, it is my in listke wurden! Stimme kin dus hjir.

De oerwinnings fan Tido Houtsma Thys Wadman
Fan glês it brekken Elske Kampen
Fol túch de mist yn Hidde Boersma
Gerben Rypma Eeltsje Hettinga
Indentiteit & kowesturten Abe de Vries

Nee, gjin Kening Kees, mar dat wie ek net te ferwachtsjen, mei de frou fan Hylke Tromp yn de sjuery. It systeem om te stimmen liket my bepaald net wetterticht. Gewoan meardere email adressen oanmeitsje en bygelyks fia de Tor Browser jo ip-adres hieltyd feroarje. Net dat ik dat sels doch, hear! Ik soe net doare!

Ik stim ien kear, op Elske Kampen. En dy heart it ek te winnen. As dy Kowekop it yn elts gefal mar net wint, dan bin ik al tefreden. En dy oare stoute Menear mei ek net mei de priis útnaaie. De oaren gun ik it fan herte!

Waarmje jûn stampot soerkoal op

UPDEET

Haw it dochs efkes besocht en noch in kear stimd. Sa lek as in einekuorke dames en hearen fan Tresoar! Dat, dejinge dy 2000 Eury winne wol kin syn/har gong mar gean.

8
Leave a Reply

avatar
8 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
5 Comment authors
Grutte Pierjohn bosmaKnillesMartsje de JongDaam Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Dit wie it:

Jo hawwe dochs net twa kear op ús Abe stemt, no?

john bosma
Guest

Moai ferhaal. Yn dat kafee België bin ek wolris bedarre, kist ek goed ite.

Soe wol in moai biermerk wêze: Thet Oera Linda Bok.

john bosma
Guest

ik haw die boeken net lêzen, dan soe stimme nuver wêze. En at ik no mei mar 1 knikkerje hie ek.

Net dat d’r yts mis is mei knikkerjen.

Daam
Guest
Daam

Frysk fruit, Martsje. Alles mei sambal fan de geile glûperts.

Martsje de Jong
Guest
Martsje de Jong

Ik stim net, moat mysels earst registreare. Hoe has se ea dizze seleksje makke? Apels, parren, bananen, alles troch elkoar. Is gjin tou oan fêst te knoopjen. Mar ik ha Elske heard op it boekefeest doe yn Ljouwert en ik mei har wol hearre, dat yn wêzen hat se myn stim.

Daam
Guest
Daam

No, dan stim ik ek noch in kear. Gewoan, foar it leagenbankje oan de foet fan de Aldehou. Soks moatte wy net kwyt!