Wa is Gerben de Vries, en wêrom?

No, wie dat net in moaie ‘scoop’ juster? Abe & konsorten hawwe hjoed yn alle hastigens in parseberjocht opsteld nei oanlieding fan dy nije ‘útjouwerij’.

‘HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en útjaan. It útjaan fan poëzij hinget der sa njonkelytsen in bytsje by. Leaver net as al, is it sinjaal fan útjouwers. Ek is in tal útjouwers wilens ferdwûn. HotSum wol hjir in nij perspektyf biede.’

En no sille jo jo ôffreegje: wat is no krekt it beswier? It beswier, dat is Abe de Vries. Punt.

En wa yn de goedichheid is Gerben de Vries? In nije stjer oan it Frysk-literêre firmamint? Is it dizze?

Ik bak rjappels op, hintsje en slaad derby.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
9 years ago

It aapke komt út de mouwe, no. Mar hoe moat it no fierder mei jim en dy malle hear Breukers? Jo misse de boat, no.