Pytsje is wrâldnijs!

Heden, it hat de krante ek al helle, myn arke-aventoeren en de kat. Foar dejingen dy’t der oer ynsitte: Pytsje yt wer lekker en is wer sa fleurich as wat. It baaske ek. Bamy docht wûnderen.

Oars al in bytsje in nuver idee dat Elske Schotanus no yn ‘myn’ bêd yn de arke sliept… Lit ik der mar net te lang oer neitinke…

Justerjûn de Toshiba T 1910 wer yn gebrûk naam, en myn trouwe lêzerkes witte wat soks betsjut: der komt in nije dichtbondel oan. De earste twa rigels binne al klear.

Ik waarmje jûn in bakje ôfpriisd iten op

Comments 2

  1. WordPress › Flater

    Der is in krityske flater west op dizze webside.

    Learje mear oer it oplossen fan problemen mei WordPress.