Stipe foar Willem!

Ja, ik doch it ek. It sil wol dreech wurde, en ik bin bepaald ek net juridysk ûnderlein, mar hawar, it giet om in heger doel. En, om geëamel foar te wêzen: it is my ek hielendal net om de publisiteit te dwaan. Dy haw ik lêst (ek ûnbedoeld) al mei de kat krigen. It giet nammers wer tige by tige mei Pytsje, sit dêr mar net oer yn!

Mar wat bedoel ik no? Ik haw it oer de aksje fan Willem Schoorstra, (en earder Sjoerd Groenhof, Wolter Jetten en Chris Hes) om ôfstân fan de Nederlânske nasjonaliteit te dwaan en ynstee dêrfan de Fryske nasjonaliteit oan te nimmen.

It is allegear sa helder as wat, de Friezen binne in erkende nasjonale minderheid, en hawwe rjocht op har eigen nasjonaliteit yn it paspoart ensafh. No wol it feit dat myn paspoart hast ferrûn is, dat kin dus maklik oanpast wurde. De Gemeente Súdwest Fryslân kin meikoarten in Brief ferwachtsje.

Mei ik noch ien punt fan krityk neame? Wêrom sa’n suterige side brûke foar it tekenjen fan de stypjende petysje? Dat liket dochs nearne nei, en docht de saak allinnich mar ûnderstek.

Bakje iten jûn.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest
Grutte Pier

Fryslan boppe, no.