Harkje nei bamy

Der stiet wer in nije ensafh online! En Knilles hat wer syn bydragen levere: in gedicht en, as helte fan it Duo von Däniken, in spannend harkspul, dat spilet yn de omkriten fan Hegebeintum.

Ik wie ek efkes yn de byb, dêr lies ik ûnder oaren yn it Deiblêd de kollum fan Abe de Vries, Skroeier. Ik wie it alwer mei Abe iens! It moat net mâlder wurde. De kollum gie oer it Noardlik Lânsdiel, dat moat fansels nea wêze.

Abe makke noch wol in lyts flaterke: it is Grinslân, en net Grins, wannear’t jo de provinsje bedoele. De stêd hjit al fan Grins.

Haw bamy opwaarme. Ik rûk it al.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of