KH18 nimt it Frysk net serieus

Ik wit it, ik fal yn herhelling. Mar ik ûntkom der net oan. It giet, foar de safolste kear, oer de Kulturele Haadstêd 2018. En, foar de safolste kear: wêrom wurdt de Fryske taal wer op in twadde rangsplak delsetten? Set no yn op it Frysk as bepalende, en aparte faktor foar Ljouwert!

Dan wurdt ik faaks ek noch in meistanner.

Mar nee, ek no noch altyd frijwol gjin Frysk op de side te finen. Se skriuwe: ‘Wij, als Coöperatie 2018, zien Leeuwarden in haar Friese context. Stad en regio zijn immers onlosmakelijk met elkaar verbonden. Kulturele Haadstêd is een meerjarige expeditie van een Friese stad en haar bewoners.’ Mar dat hiele basisprogramma is net yn it Frysk op de side publisearre. Allinnich yn it Hollânsk, dat nuvere taaltsje.

De konklúzje moat wêze dat de bidbookmantsjes en -wyfkes de Fryske taal net serieus nimme, wylst it it spearpunt wêze moat. In miste kâns!

It menu foar fannejûn is noch net bekend.

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Knillesjohn bosma Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
john bosma
Guest

Meet!