Fryske Touch + Updeet + nije updeet

Heden, der komme Fryske eBooks! Is’t net prachtich? No freegje ik my al ôf: hawwe de grize lêzerkes dy’t noch Fryske boeken oanskaffe eins wol in eReader? Jawis, it kin ek op de pc, leptop of it tablet lêzen wurde, mar in eReader wurket dochs wol it noflikst.

Ik bin sels ek griis, mar skear myn kop de lêste tiid wer, dat in soad sjogge jo dêr net fan. Is de bedoeling alteast.

En ik haw sûnt in pear moanne de Kindle Touch, der’t ik tige wiis mei bin.

Dat ik bin bang dat ik by de doelgroep hear. Mar ik fyn de Fryske eBoeken dêr’t sprake fan is noch te djoer. It binne ommers gjin aktuele boeken, mar saneamde ‘klassikers’.

Der stiet oars ek hielendal gjin ynfo by yn hokker formaat de boeken oanbean wurde. Allinnich as pdf? Ik sil ris ynformearje…

Dat wurdt dus aansens fiskjen nei Fryske Literatuer yn de Piratebaai!

Haw patat pinda iten ûnderweis, eintsje fytst, dat sadwaande.

Updeet: It binne dus epubs, dat faaks bestel ik aansens ien!

Nije updeet: ik haw in boek besteld, en betelle. Ik bin dan wend dat ik dan ek daliks in link krij nei it bestân. Mar dat is by Elikser net sa. Sil wol moarn wurde. Moarn! En dat yn dizze hastige tiid!

Noch in Updeet: dêr wie de link al! Ik haw neat sein!

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of