Cornelis van der Wal

Frysk Aapke

Ja minsken, dêr hast him wer, de hast útstoarne diersoarte: it Aapke de Vries. Der is noch mar ien fan oer, dat litte wy der sunich mei wêze, en him net al te hurd oanpakke. Dêr kin er net sa goed oer. Dan begjint er te skriemen.

Ik doel op it stik yn de LC fan juster, mei as titel: KH2018 is lêste kâns foar it Frysk. No’t de foarsizzingen fan de Maya’s nei alle gedachten net hielendal kloppe, komt der in nije ûnheilsprofeet op it aljemint.

Abe, sorry, Aapke docht de saak gjin goed, mei syn tiishollige, breedsprakige, opswolme skriuwerij. En hy is net leauwweardich, want wêr bliuwt de Fryske ferzje fan de basis foar it kulturele programma fan Ljouwert 2018?

Klik mar ris hjirre en dan op dy swarte balke. Yndied, gjin Fryske tekst.

Regelje dat no earst mar ris Aapke, dan prate wy fierder. Mar Aapke is ek in heale digibeet, dat hy sil wol ôfhinklik wêze fan ien as oare Hollanner, dy’t it nut fan Fryske teksten net ynsjocht.

Sil eat fan pasta meitsje. Ja, mei in hintsje der by. Kin dochs?


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.