Patat Apenutesmoar

Juster wie ik by de presintaasje fan Ferdinand de Jong syn nije boek:  De lêste trúk. De lokaasje wie tige apart en moai: it Gerjochtsgebou oan it Saailân te Ljouwert.

Ik trof earder yn de trein nei L. de ferneamde dichter Koos Dalstra, dy’t letter ek noch by de tige slagge boekoanbieding delkaam.

Ik wie wat te betiid yn Ljouwert, want ik woe ek noch in pendel keapje. Ja minsken, ik kin hiel goed pendelje. Mar ik die der net safolle mear oan de lêste jierren en koe myn eigen pendel net mear fine, doe’t it my lêst wer yn it sin skeat.

By de esoteryske winkel trof ik tafallich myn suster. E. Sy woe in stien keapje.

En ja, ik hie him al sitten sjoen op it terras fan de Douwe Egbertswinkel, mar it Aapke die krekt oft er my nèt seach. It Aapke wie ek by de presintaasje. It Aapke is lilk op Knilles. Spitich, want it is in hiel leaf Aapke.

No sa dan, ik haw letter yn Snits (dat wolle guon minsken altyd graach witte, wat ik iten haw) in patatsje pinda en in broadsje út de automaat hân.

Comments 1

  1. WordPress › Flater

    Der is in krityske flater west op dizze webside.

    Learje mear oer it oplossen fan problemen mei WordPress.