De Moanne fan de Geraniums

Ja, dêr wie ik wer. Juster it filologekongres meimakke. Op in inkelde útsûndering nei wie it tige nijsgjirrich. Net elkenien koe wekker bliuwe by de lêzingen, mar wy neame mar gjin nammen.

Dat wol sizze: der wie oan de ein fan ‘e middei in resepsje foar en ôfskied fan Piter Boersma. En as der ien wekker is, dan is it Piter wol.  Piter giet mei pinsjoen by de Akademy, en hat syn libbenswurk, it grutte Wurdboek, ôfmeitsje kind. Ik leau oars net dat Boersma no efter de geraniums sitten giet. Sterker noch: steane der eins wol geraniums yn de finsterbank by Piter en Jeltsje? Neffens my net, mar ik bin ek net in blommejonge.

Nei ôfrin bin ik, tegearre mei Pier Boorsma, yn de Ljouwerter horeka bedarre. Dêrom juster ek gjin blochke. Oeral televyzjes mei fuotbaljen derfoar. Ek yn it Oranje Bierhûs. Ik fyn it in oantaasting fan de sfear dêre. Skandalich.

En ja, de Moanne foel hjoed yn de bus. Elske S. skreau in stik yn it Hollânsk oer de paspoarte-kwestje. It baarnt my yn, mar ik scil op in oar plak hjir op reagearje.

Haw niiskrekt in broadsje Hamburger ophelle en opiten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of