Nuver flaterke

Justernacht wie ik wer ris oan it sneupen op de astrodatabank. Net allinnich nijsgjirrich foar astrologen, mar ek foar bygelyks minsken dy’t in romanfiguer sykje foar harren eigen boek.

Ik sil se ris maile, want der steane dochs grutte flaters yn. Neffens de databank soene sawol Jan Cremer as Simon Vinkenoog ‘gay’ wêze. Faaks hawwe jo dizze skriuwers wat better bestudearre en se binne fan alles, mar seker net ‘gay’. Oars neat op tsjin as dat wol sa wêze soe. It komt yn de bêste famyljes foar.

Ik waarmje aansens bakje iten op.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of