Ja, wat is’t in moai dielnimmersfjild net? Ik bedoel fansels de passagiers by it busreiske nei Laaksum yn septimber. Bin benijd hoe fol de bus komt te sitten, wat taskôgers oanbelanget. Ik sil ris soargje foar in oars as oarse foardracht, mar dêr haw ik noch de tiid foar. En nije fersen skriuwe op it thema ‘Besiele plakken’. Dat sprekt my wol oan.
Fierders haw ik my ek opjûn as figurant foar De Greidegeast. Noch neat fan heard nammers, mar dat sil grif komme. Ik fyts der gewoan nei ta, no sneon. Jo witte fansels dat Knilles in grut, mar ûnderskat toanielspiler is. Dêrom noch mar in kear myn ûnferjitlike fertolking fan Kening Rêdbâd hjirûnder.
Ik tink dat ik mar bamy rames ophelje jûn, bin smoardrok mei fan alles.
[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=5XTvT46Ou_s[/youtube]
Comments 3