Komrij

Jawis, ik haw Gerrit Komrij ek wolris troffen. Yn Grins by in lêzing oer syn blomlêzing fan de Súdafrikaanske poëzij. Dêrnei sieten hy en freon Charles yn kafé Mulder, as it my net mist. Doe moch ik dêr noch komme… Dêrnei in hiel skoft net mear. In tige freonlike, aardige man, dat lêze jo hjoed op de blochs. Dêr kin ik it allinnich mar mei lykfine! Letter hie ik noch in koart petear mei Komrij nei ôfrin fan it Fryske Festival. Hy makke grapkes oer Kader Abdollah en fertelde oer syn ynteresse foar it okkultisme. Dat lêste haw ik nea earne oars oer him lêzen!

En fansels kin net genôch neidruk lein wurde hoe wichtich Komrij wie foar my as dichter. En dan haw ik it fansels oer syn blomlezingen. Tank!

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments