Go-Gol argyf yn myn besit

Hee, wat stom fan my lêst, doe’t ik dy âlde artikels fan Go-Gol silger net mear fine koe, mar dy sitte fansels ek yn de feed-skiednis fan de Google Reader. Ik haw dus it bewuste stikje oer dy bedriging fan myn persoan ek weromhelle. Sil ik it efkes sitearje? Of wurde E.S., A.H. en E.H. dan wer lilk? Dat risiko nim ik dan mar. En dêrnei wol ik, as it heal kin, gjin wurd mear smoarch meitsje oan dizze ‘minsken.’ Komt er:

‘En de LC hat mar ien Pieter de Groot, dat dêr is it meikoarten hielendal nacht yn nane, as it teminste al net al safier is. Komt by dat nimmen it lef hat en draai Cornelis van der Wal de nekke om. Krekt net, de kultuerredaksje fan de twadde krante fan Fryslân is net op ‘e hichte fan de wize wêrop’t dizze wraaksuchtige doarpsidioat op it ynternet tekear giet en men hat gjin weet fan de belabberde kwaliteit fan syn besprekken, dat – huppekee – se meitsje him poëzijeresinsint.’

Wie tekene: Elske Schotanus.

No kom dan mar op soe’k sizze! Besykje it mar om my de nekke om te draaien. Ik bin jim sawol geastlik as lichaamlik fierwei de baas. Oer lef sprutsen…

Waarmje jûn Myhûn op. Dan is it op.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of