Besprek fan bakje

De lêste wiken mei in besprek dwaande west, earjuster wie it klear. Jo kinne it meikoarten earne lêze. Nee, net yn de Moanne, dêr meie redaksjeleden fan ensafh gjin besprekken publisearje. Nuver, seine jo? Êh nee juh, sa giet dat hjir yn Fryslân.

Wie it jo ek al opfallen dat nei’t ik ferline jier stoppe wie as poëzijbesprekker foar it Deiblêd, dat der dêrnei hast gjin dichtbondel mear útkommen is? It spyt my, literatuerleafhawwers, ik wist it net… Sokke gefolgen…

De Snitser merke stiet hjir sûnt juster ek wer lawaai te meitsjen, mei in kolossaal reuzerêd neist myn ruten. Mar alles went…

Haw in bakje iten fan de AH opwaarme. Ôfpriisd fansels, dat is lekkel.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of