De Nije Moanne: net yn ‘e Bus, al op it Net!

Of is er by jo al op it kokosmatsje fallen? Hjir yn Snits noch net, alteast. Mar dat kin fansels ek in boycott wêze.

Lykwols: der steane al in pear stikjes út it nije nûmer online. In hiele nijsgjirrigen ien is de kollum fan André Bralts. Nee, noch gjin rapportsifers. Dy komme noch. Eangje net. Bralts hat gelyk, de PVV moat oanpakt wurde, mar aldergeloks liket de partij him no op LPF-eftige wize sels op te blazen. Moai sa, Hero, goed sa Hero. Ek it stikje oer Anne Wadman kriget in foldwaande.

Mar wa hat betocht dat Steven de Winter skriuwe kin? In stikje fan neat. Lit him mar mei syn autootsjes boartsje.

Ik tink oars dat dizze links oer in Moanne net mear wurkje. Sa giet dat dêre.

Ik ûntduts ek in twatal nije meiwurkers: MAntine Zijlstra en Kerst Huuisman. Dy lêste sil wol in Noardfries wêze, mei in grutte snor. Oft MAntine ek in snor hat, dêr binne de gelearden it net oer iens.

Ik sil jûn, dat is in foarsizzing dy’t útkomme sil, kibbeling ite mei rys en kerrysaus. Noch efkes wat raukost skoare yn de supermerk, it leafst ôfpriisd, dat smakket better.

3
Leave a Reply

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
FruoKnilles Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Fruo
Guest

Nee, mar der mut noch sa’n soad lêzen wurde 🙁 Ofrûne wykein sels wer in pear boeken krigen. Heech oan de lyst stiet dochs wol Sylvia Witteman har boek “Ik verzin dit niet – Avonturen in een Amerikaanse buitenwijk”.

En fansels skriuw ik yn ‘e takomst ek graach in boekresinsje fan it boek ‘Liefde. Wat hersenonderzoek onthult over de klik, de kus en al het andere’. In bysûnder boek dat ik fan hiel aardige freonen yn ûntfangst nimme mocht……(?!?!)

Motorman dus ek in oanrieder?

Knilles
Guest
Knilles

Hast syn Motorman ek lêzen? Skitterend!

Fruo
Guest

Ik haw de Moanne noch net, mar ik bin oe sa nijsgjirrich nei Nyk de Vries syn “Koartslip”. Is al de twadde kear fan it jier dat by my de Herpes Simpleks om it hoekje sjen komt. Wa wit hat Nyk noch wize wurden 😉