Omkoal mei AAP: Lekkel!

Nijsgjirrige diskusje op de Facebook-side fan, jawol, Abe de Vries. Hie fansels folle moaier west om soks yn it iepenbier te dwaan, in soad lju sitte noch altyd net op Hassesboek, en dêr kin ik my wol wat by yintinke.

No ja, ik pik der wat út: der lykje no dochs in soarte fan Skriuwersbeurzen te kommen fan de Provinsje. Efkes wachtsje op de Kultuernota.

En Koos Tiemersma, de Ayatollah fan de Fryske Literatuer skriuwt dat er, as er gjin synjalen fan bûten kriget, dat It Bestjoer fan It Skriuwersboun dan… neat docht. Mar dat diene se ommers al. Neat.

Mar bêste Koos: dat toant ommers oan datst folslein bûten alle werklikheid stiest, wat de literêre situaasje yn Fryslân oanbelanget. Jo freegje jo dochs wolris ôf: Is Koos wol de goede man op it goede plak? Ien dy’t sa frustrearre is om’t er net troch it hiele Fryske Folts as Grut Skriuwer ynhelle is, dat er it skriuwen yn ús taal net mear ‘sitten seach’. En dêr wer (min ofte mear) op werom kaam. En no boekjes oer apen skriuwt. Tsja. It sil wol autobio wêze.

Foto: Dinie Postma

Jo moatte der betiden om gûle, al dy omkoalen dy’t it hjir yn Fryslân foar it sizzen hawwe.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Rood, no.