Gerrit Breteler, efkes spuie

Tsja, dy Gerrit Breteler. Foarst: ik fyn neat oan syn muzyk, fierstente swiet en sijkerich. Syn skilderijen binne rûnút ferskriklik. Mar de man is tige myljeu bewust, it is in goed minsk. Fynt er sels.

Lês dizze útspraken ris, yn de Huis aan Huis:

‘Wij denken te weten wat er elders in de wereld gebeurt, maar als naoorlogse generaties hebben we geen idee van de armoede, de honger en het onrecht in ontwikkelingslanden. Want wij ondervinden het niet aan den lijve. Daarom vraag ik me af: hebben wij ten diepste echt de intentie om eerlijk te delen? Zit die solidariteit nog wel in ons systeem?’

Jaja, ik bin it fansels hielendal mei him iens. Mar hoe is ús Gerrit yn de praktyk? Is er sels in bytsje solidêr? Mei syn keunstbruorren bygelyks? Ik haw de alsidige keunstner meimakke by de Slachtemarathon. De man hie syn eigen optreden krekt efter de rêch doe’t wy fan it Taalhospitaal ús fersen foardroegen. Mar Gerrit bleau net efkes stean om te harkjen, wat in oar docht kin de man gjin sek skele. Hy fielde him fansels fier ferheven boppe dy dichterkes. Allinnich wat Gerrit sels makket, dat is Keunst. Mei ik efkes spuie?

Nei it spuien waarmje ik aanst in bakje bamy op.

7
Leave a Reply

avatar
7 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
4 Comment authors
KnillesBildtfriesGrutte Pierdinie postma Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Grutte Pier is Grutte Pier, no.

Bildtfries
Guest
Bildtfries

Jo hawwe neat mei pseudonymen dus.
Mar “who the hell” is dy Grutte Pier, oftewol Mister “no”? No’t jo myn namme yn jo reaksje iepenlik brûkt hawwe likent my dit fan myn kant ôf in legitime fraach. Jo antwurd sjoch ik graach temjitte op myn by jo bekinde mailadres.

Bildtfries
Guest
Bildtfries

Breteler het helendal gelyk. Mar om him nou ôf te kraken omdat hij niet staan bleef bij ‘t dichters-optreden tidens de “Slachtemarathon” en naar ‘t ik begreep dêrdeur fral jouw optreden as groat Fries dichter (ahum) miste, fyn ik wel wat kynderachtig. Miskyn had dy bêste man erges âns nag wel ‘n ôfspraak, of most een fan syn kines erges hine. Eerst ‘t “wêrom” fan de reden fan fortgaan mar ‘s achterhale, en dan met krityk komme en oordele. De 2 eerste reaktys fyn ik ainst ok, om ‘t mar even populêr te sêggen, as Kut op Dirk slaan. (Amen.)

Grutte Pier
Guest

Wês in sinnestriel, in oar hat dêr forlet fan, no.

dinie postma
Guest

Natuurlik sit dy solidariteit net yn ús systeem as dat betsjutte soe dat wy it oan ‘den lijve’ ûnderfine moasten. Bytsje gefal fan ‘iepen door’ neffens my. De leafhawwers fan Gerrit B. fyne sokke útspraken fêst hiel ynteger… Hy hat himsels even profilearre. Der moat ek bôle op e planke komme, fansels.