Boeken fan Bamy

Ha goeie!

Ik hie, as oprjocht kwerulant en winner fan de Gouden Lykdoarn foar de meast paranoïde Skriuwer efkes by Boeken fan Fryslân ynformearre hoe’t it kaam dat der gjin titels fan Knilles fia harren side te keap wiene.

It wûnder barde:  ik krige antwurd. En om’t it hjir om in algemiene kwestje giet, woe ik myn kollega belestingbetellers de reaksje net ûnthâlde. Albertus Douwes skriuwt (yn it Hollânsk fansels, want it is ommers Boeken fan Fryslân)

Geachte heer van der Wal,

 Vooreerst excuses dat u geen reactie heeft gehad op u vorige bericht.

Bij de initiële opbouw van de website van ‘Boeken fan Fryslân’ is deze gevuld met materiaal dat door de deelnemende uitgevers is aangeleverd.

In deze fase was dat een (beperkte) greep uit het (nieuwe) aanbod.Het hoofddoel van de website is ondersteuning van de vrijwilligers in de verkoop van boeken.

Dit deel vraagt nog verdere ontwikkeling.

De online verkoop van boeken via de website is min of meer een subactiviteit.

In de praktijk blijkt dat de route via AFUK en de uitgevers, de koper voldoende mogelijkheden biedt.   

Daarom is dit voorjaar is besloten de website voor de online verkoop af te sluiten.

Door een misverstand is dit begin vorige week opnieuw geactiveerd.

We gaan dit deel opnieuw afsluiten.

Ik ga er vanuit dat uw boeken via het online aanbod van uw uitgever en AFUK voldoende onder de aandacht worden gebracht.

Oant safier. No witte jim ek hoe’t it komt dat de side it wer net docht. Myn skuld!

Bamy mei pindasaus

 

4
Leave a Reply

avatar
4 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
4 Comment authors
DaamMartsjesjieuwe borgerGrutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Daam
Guest
Daam

Op myn bloch: Ja, de temperatueren binne wer wat gewoaner en better foar de minske. Mids ferline wike oars ek al mar doe wie der ynienen wat oars dat foar minsken lykas my net goed is. It giet om dit ûnnoazel epistel. Der hat ek noch in wat beheinde diskusje oer west op Feestboek mar dat is eins it neamen net wurdich. Fierder bliuwt it stil yn Fryslân. Dat is de Friezen min kwea-ôf te nimmen want dy kinne net witte fan it hoe en wat. Sels politisy ha gjin aan fan wat der mei it jild bart. Partisipanten yn… Read more »

Martsje
Guest
Martsje

Sa kin dy man it moai sizze, mar soe it net sa wêze dat se net in krom ferstân ha fan it meitsjen en ûnderhâlden fan in knappe webside en dêrom tinke; oeh, wy krije kommentaar, wy litte it mar ôfstjerre?
Liket my in earliker antwurd.
Mar goed, de digitale fase ôfslute en de analoge kroade mar wer út it hok. Moatte de leafhawwers it dochs wer sels oplosse…

sjieuwe borger
Guest
sjieuwe borger

ha goeie cor,

it is fansels wol apart datst hjir no efter komme moatst troch oan te hâlden as storein. ik bin bliid datst dit dien hast, want wat docht bliken: kommunikaasje oer besluten wurdt net iepenbier makke en men taast yn it tsjuste oer hoe en het.

groetnis, sjieuwe

Grutte Pier
Guest

no?