Dichtsje bliksem!

Oer Fryske bloggers sprutsen: Eeltsje Hettinga wie eartiids ek wolris aktyf op it wrâldwide web, mar dêr hearre jo net in soad mear fan. Jo soene der hast ûngerêst fan wurde!

Dat gefoel is aldergeloks sûnt fannemiddei oer, want ik seach Eeltsje – ja, it is de broer fan de ferneamde Tsjêbbe – fytsen yn de Lytse Tsjerkestrjitte yn de Haadstêd L. Ja, soms moatte jo Snits efkes út, it is net oars… Efkes nei Tresoar no, foar farske Boeken.

Ik stuts de hân op, mar Eeltsje seach my net, of woe my net sjen, dat haw ik, it is nuver, wol faker by Fryske skriuwers. En dat wylst ik dochs de fleiswurden Harmonije en Frede bin, soe’k sizze.

Wy moatte mar hoopje dat de man wer ris mei nije poëzij komme sil, der wurde al in pear jier lang twa nije bondels oankundige, mar dêr komt oant no ta neat fan op ‘e hispel. Hettinga fergriemt syn tiid blykber leaver oan healwize pamfletten. Mar hy is, om folslein te wêzen, ek nominearre foar de Fedde Schurerpriis 2012  (of eins 2011) mei in net ûnaardige biografy fan Gerben Rypma.

Ik sis lykwols: dichtsje bliksem! Dichtsje is wichtich! Dat er it kin hat er wol bewiisd mei syn earste twa bondels. Dêrnei sakke it al wat yn.

Haw wat opwaarme guod mei slaad iten. It slaad wie net waarm.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *