Ja minsken, foar it earst yn it iepenbier fertoand: myn Kavacha. Haw ik al mear as 15 jier om. Ik krige him doedestiids fergees tastjoerd… Troch, as it my net mist, in Professor Choudry. Dy dingen binne oars aardich oan ‘e priis…
En, hat it holpen? My tinkt, it hie noch folle slimmer kind…
Ik haw no yn ‘e hûs wer in spesjaal astrologysk herntsje inrjochte. De stúdzje fan de himelske analogiën wie der in bytsje by bleaun, mar komt wer op gong. En nee, ik bin gjin swevert, it wurket gewoan.
Waarmje jûn ôfpriisd bakje iten op.
Post a Comment