Kim Jûng Ûle net serieus nommen

Noch efkes weromkomme op de plannen fan de Provinsje. En ja, de digibeten sitte allegear op Facebook, dat ik sil dêr wer wat ynfo weihelje moatte.

It slimste fan dit alles is dat der hielendal net ris frege is wat of de skriuwers en de útjouwers fan dizze, foar de Fryske Literatuer tige skealike plannen, fine. De arrogânsje ten top! It docht bygelyks bliken dat brieven fan It Skriuwersboun hielendal net lêzen wurde. Ik sitearje Koos T., oftewol Froon A., oftewol de Kim Jûng Ûle fan de Fryske Literatuer. Froon is yn petear mei Abe de V. dy’t earst oan it wurd komt:

‘Froon, hat It Skriuwersboun ek in adfys útbrocht oan de deputearre cq. de amtlike ôfdieling dy’t ferline jier fergeat om de útrikking fan FS- en OP-prizen te regeljen?’
Antwurd fan Froon A.: ‘Yep. Mar mei ús advys (alwer in pear jier lyn) is neat dien, sterker noch, it heugde de minsken net iens.’  ‘….’

It Boun wurdt dus alhiel net serieus nommen. Mar dat soe fansels ek hiel goed oan (in part fan) it hjoeddeiske bestjoer lizze kinne.

Koartsein: it wurdt tiid foar in NIJE LIEDER FEN IT BOUN! Strang en rjochtfeardich, mar ek myld as it moat. Wa’t dat is? It oare jier binne der ferkiezings en dan stelt KNILLES him kandidaat. Dan komt alles goed. Dan sil de Fryske Literatuer bloeie as nea tefoar.

Dus.

Jûn Rösti mei hin en eartsjes

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
KnillesGeart Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Geart
Guest
Geart

No Knilles, as dat wier is, dan is dat de earste stap nei it folsleine ôfskaffen fan de Fryske literêre prizen. Dat dy sleaukerts ferline jier al ‘fergetten’ hienen dat der prizen út te rikken wienen, wie fansels al in faai teken. No is it njonkelytsen fansels ek wat komyk oan it wurden dat der mei in soad bombaarje prizen útrikt wurde foar boeken, dêr’t faak noch gjin 200 fan ferkocht binne. No sil dat yn it gefal fan DE HOBBIT justjes mear wêze, mar oer it algemien leit it lân der sa hinne. Mar wat spitich no dat de… Read more »