Knilles nominearre foar de Sulveren #Twicht

De sjuery besteande út: Asing Walthaus (redakteur Leeuwarder Courant), Jetske Bilker (skriuwster) en Sjoerd IJbema (produsint Omrop Fryslân) hat de fiif bêste ynstjoerings útkeazen.

De fiif nominearren foar de sulveren Twicht 2012 binne:

  • SimonOosting(Simon Oosting) – #twicht Yslân Ûnder de fjoertoer fan ivoar fûn ik in walfisk dea Nachts bedobbe ik him yn it swarte sân om ienris te pronkjen mei syn bonken (16-8-2012, 19:44)
  • AuckPeanstra (Auck Peanstra) – ‘k Sjoch it net as myn plicht en skriuw in #twicht, want ik hâld mear fan in langer gedicht, mar win ik de priis, dan betink ik my allicht. (5-9-2012, 12.08)
  • fryskfrommes (Pieteke) – Swiete wurden wurde wei yn sâlte triennen, it wetter fan de see lûkt sân mei nei de djipste djipte en it wurdt nea wer sa as it wie. #twicht (15-9-2012, 13:17)
  • Stellingwerfs (Stellingwerfs) – toegeven, et wodt gienertied echt een gedicht / want daorveur is et toch te licht / zoe’n zeuvenstuverse #twicht veur mien liefste wicht (23-9-2012, 17.45)
  • Knilles (Cornelis van der Wal) – #twicht fisker smookt en skriuwt mei fingers fan reek/in antlit op de sakjende sinne/wolkens triuwe read ljocht/dea yn it wetter

De priiswinner fan de bêste #twicht wurdt op snein 14 oktober om 16.30 bekendmakke yn it Jopie Huismanmuseum yn Warkum.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of