Sulveren Aapke + updeet

Dat wiene in pear enervearjende dagen foar jo eigen Knilles. Tongersdei nei Hamburg west foar in tige nijsgjirrige útfiering fan Tannhäuser fan Wagner. In flitsende ênsenearring fan de ferneamde Harry Kupfer. Benammen yn it begjin mei in soad erotyk. De muzyk is prachtich al sit Wagner hjir noch net op syn hichtepunt, lykas yn de Ring.

Freeds werom nei Fryslân, spitigernôch hie de trein nei Bremen fertraging, sadat ik alle oanslutingen mist haw. Dat, tegearre mei myn Muze, dy’t my fan it stasjon helle, trije kertier te let foar de útrikking fan de Fedde en de Obe. Ik koe dus spitigernôch ek net meidwaan oan it skriuwersprotest.
De hear Eeltsje Hettinga hie in goed ferhaal wat it útjaan fan Fryske boeken oanbelanget, mar ik begryp earlik sein net dat Tresoar him in poadium jûn hat foar syn aksje, it weromjaan fan syn Fedde.

En snein waard bekend dat ik de Sulveren Twicht wûn haw! It liket faaks in lyts pryske, mar ik bin der al mei op ‘t skik! Hjir stiet it sjueryrapport.

En, tsja, wat moatte jo dan fan sa’n Aapke de Vries sizze? Dy’t, ynstee fan lok, jo in slimme sykte tawinsket? Op Facebook, tusken alle felisitaasjes yn:

Abe de Vries It klinkt as in slimme sykte.
Ik bliuw it eigenaardich finen dat it Christelijk Nationale Friesch Dagblad no in Judas yn tsjinst hat. En ik haw der in soad spyt fan dat ik it Aapke oan dit baantsje holpen haw.

Wy skriuwe fansels moai fierder, dat sa!

Updeet:

Fannejûn hat it Aapke syn freonskip op Facebook ferbrutsen. Mei my dus. No, dat is fansels in grutte skok, ik moat efkes lizze.

4
Leave a Reply

avatar
4 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
sjieuwe borgerjosse de haanKnilles Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
sjieuwe borger
Guest
sjieuwe borger

spitich dat ik dy net troffen ha, ik hie in fleske foar dy by my, dy haw ik nog sels mar opdronken. krigest wol in nijenien fan my.

groetnis, sjieuwe

josse de haan
Guest
josse de haan

In poëzyrûte yn Snits kin nijsgjirrich wêze -trijetalich, dan kin Henk ek meidwaan en net Frysk- of Snitserstaligen.

josse de haan
Guest
josse de haan

Lokwinske – in ferrekt goed fers dat sa brûkt wurde kin op in poëzystien yn Snits.