Sulveren Moanne

It Skriuwersboun hat in gearkomste op sneon 3 novimber. Nei alle gedachten kinne wy dan foar de lêste kear it bestjoer sa’t it no gearstald is oan it wurk sjen. Fansels kom ik ek! Ik nim it berjocht mar efkes oer, want op de suterige side is neat te finen…

Ik krige oars al in kaartsje fen it Boun, mei lokwinsken foar myn Sulveren Twicht. Tige tank Boun! Wa’t de Priis bewûnderje wol: ik kom, as ensafh redaksjelid, fannejûn yn it hol fan de liuw, op de Moannejûn, en ik sil it jaske mei it Spjeldsje drage!

Rju achte lid,

 Lykas wenst yn ’e hjerst hâldt it Skriuwersboun wer in temagearkomste. Ditkear giet it fansels oer de kultuernota. Wy sille te set oer it prizebelied, de relaasje tusken ús as skriuwers en de provinsje en net yn it lêste plak oer de manier wêrop’t de provinsje ekstra jilden ynsette wol.

 Jo wurde fan herten wolkom op sneon 3 novimber oansteande yn kafee Wouters te Ljouwert foar it stasjon oer. De gearkomste begjint om 14.30 oere.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of