Lytse griemmank

Ja, der wie ôfrûne nacht wer in aardige diskusje op it Feestboek. Eins skande fan de tiid dy’t ik der oan fergriemd haw… Wie tagelyk dwaande mei it tredde diel fan de Reve Bio. In grut stilist is er net, Nop Maas, mar it bliuwt fassinearjend, dat libben fan Gerard R. Hy wist ek wol wat fan astrology, Reve dus, en dat is tafallich ien fan myn spesjaliteiten.

Oer grutte stilisten sprutsen: Elske S. is der fansels al ien. Ik jou in foarbyld: (fan FB) ‘Dat, ja, ek as ik it net op alle punten iens bin mei it bestjoer en dat ek hearre ek, dan noch ha ik in soad wurdearring foar wat sy, as frijwilligers, sa al út ‘e wei sette.’

Is’t net kostlik?

En, hiel wat oars, mar dêr is it in griemmank foar, as de plannen fan it nije kabinet trochgeane, wat de superprovinsjes oanbelanget, en Fryslân dus ferdwine moat, dan is it wat my oanbelanget oarloch. Letterlik.

Al wer in grut stilist, mar ek in grut tinker is Grytsje Kingma. It skynt in sjongeres te wêzen, mar ik bin net sa fan de populêre muzyk. Wat skriuwt frou Kingma op It Nijs?  ‘Wat is der mis mei it sels bestuiverjen fan in útjefte? Dan hast sels it risiko, mar ek de frijheid!
Ik begryp it net dat dit in ‘mislediging’ wêze soe. Wa kin my dat útlizze?’

Dus, minsken mei jild dy meie in (Frysk) boek útjaan, en de earme lju krije gjin publikaasjemooglikheden mear. Want minsken mei jild, dat binne bettere minsken, is’t net frou Kingma? Mislike VVD-praatsjes binne it.

Ik lies ek dat It Nijs ensafh-meiwurker en diplomearre blogger Daam de Vries blokkearre hat. En dat om’t er geregeld oanwizingen joech foar better taalgebrûk op dy side. IST VERBOTEN!

Jûn wat nassy opwaarmje, mei in lûmpy derby en wat kninefoer.

 

3
Leave a Reply

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
Egbert BornGrutte Pierjosse de haan Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Egbert Born
Guest
Egbert Born

de fraach is: wat docht de fryske skriuwerskrite as fryslan driget te ferdwinen. komme hja yn ferset of skriuwe hja der swijend in boek oer?

Grutte Pier
Guest

Fryslân moat lyts bliuwe, no.

josse de haan
Guest
josse de haan

Ast in utjouwer betelje kinst wurdt dyn boek publisearre, en hast rjocht op in wurkbeurs (as de kwaliteit it talit).
Wurkbeurzen binne no te keap – yn Fryslân. It literatuerbelied diskriminearret tusken hawwers en net-hawwers. De protestgroep soe ek oer dit fenomeen raze kinne ynstee krommelwurk sintraal te stellen. As der gjin frijheid fan utjaan mear is – it jild bepaalt – dan wurde prizen ek oantaast.