Abe bellet de plysje!

It ûndersteande is skreaun troch de man, dy’t as direkteur de Friese Pers Boekerij oan de râne fan de ôfgrûn brocht hat. Abe de Vries dus. It stie op Facebook. Mar no dus hjir ek. Ta jo foldwaan. Mei dit net? Belje de plysje mar Abe!

‘It ymperium NDCVBK is fan moarn ôf net mear. VBK – in hieleboel útjouwers fan boeken byinoar – wurdt fia in managemint-buyout selsstannich. De grutte ynvestearder hjirre is dhr. De Bruijn, oait oprjochter fan de boedelbakjes. Bliuwe yn de etalaazje oer de twa oare poaten fan it keizerryk: Thieme Meulenhoff (edukative útjouwer) en NDC mediagroep (LC en DvhN). In bod fan 50 miljoen troch in noardlik konsortium (Stichting Fryslân Boppe, Boom, NOM) op de lêste mislearre yn juny. Wilens giet NDC mediagroep troch om himsels moai te meitsjen foar in nije frijer: de LC is al tabloid en sil takom jier in moarnskrante wurde. Sadat einlings út ein set wurde kin mei in partiële redaksjonele fusy (fan minimaal de binnen- en bûtenlânredaksjes). As dy “rasjonalisearring” achter de rêch is, wol De Telegraaf grif wol tahappe. Soks makket ek dalik dúdlik wêr’t de útdaging foar de krante leit: yn it behâld en útbouwen fan kwaliteit en eigen regionale identiteit, sa likernôch lâns de linen dy’t ik yn desimber 2008 al ris yn in wiidweidich stik op ynternet sketst ha. Wat my doedestiids troch de haadredaksje net yn tank ôfnommen waard. Utjouwer Siebe Annema fan de LC hat der lykwols syn foardiel mei dien. De LC is yn fjouwer jier tiid in stik “regionaler” wurden. En moai dat se dat klupke fan Endedijk & Co. no kwyt binne. Lokwinske! :-)’

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *