Omrop Fryslân: propaganda foar it Lânsdiel

Fannejûn (02-11-2012) wie der yn it Omrop Fryslân programma Need op Freed streekrjochte propaganda foar it Noardlik lânsdiel. De redaksje woe allinnich foarstanners oan it wurd litte, in tsjinstanner fan dizze weryndieling, Willem Schoorstra, waard ôfbelle. Ik sitearje efkes Willem syn berjocht op Facebook:

‘Yn Need op Freed sil it jûn ek oer it Lânsdiel Noord gean, mar sûnder my. Neffens de redaksjonele útlis wolle se mear de kant út fan dat it wol kin, dat Lânsdiel. Wylst ik ek noch oanjûn hie dat it, ûnder betingsten, yndie mooglik wêze kin. Dy betingsten sil it op heakke ha, nim ik oan. Miskien dat ik myn beswieren en betingsten hjir mar ris formulearje moat.’

Need op Freed is jûn tink noch wol online te sjen, letter fia Utstjoering mist. Mail de redaksje op needopfreed@omropfryslan.nl. Haw ik ek dien, net al te freonlik.

Comments 1