Deastille slafink

Dea en deastil op de Fryske weblochkes! De striders fan alear hawwe it opjûn, pinsjoen oanfrege foar it neist. In begrutlike saak.

Mar aldergeloks is der oerdeis de Giro, dy’t tige eigenaardich ferrint. Ik joech oars Cadel Evans it foardiel fan ‘e twifel, mar fannemiddei wie er al wer oan it slaan. De man doocht net hielendal yn ‘e plasse.

Hiene jo it al lêzen? Of sjogge jo net alle dagen efkes op ensafh.nl? Dan misse jo oars al it gleonste literêre nijs. Bygelyks wat skriuwers der diskear wurkbeurzen fan it Fonds voor de Letteren krigen hawwe… Sitte ek in pear Frysktaligen tusken.

Sil ek wer gau mei it nije boekje oan de slach. It kriget kontûren.

Haw rjappels, beantsjes en slafink iten. Yndied, in ôfpriisd bakje iten.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments