Gjin keunst

Ik haw it al mear as ien kear ferkundige: fotografy is gjin keunst, om’t it fierstente maklik is.

In keardeltsje út Aldsyl, in eks-militêr, kloppet himsels al in jiermannich op it boarst dat er in grut fotograaf is. Ja, dat is itselde mantsje dat gjin tsjinspraak duldet as ien in reaksje op syn blochke efterlit fan: ‘Haastwurk! Hearre wa’t it seit!’ Dan wurdt dizze reaksje binnen de minút fuorthelle. Yntolerant, diktatoariaal gedrach dus. It feit dat ien sowieso by it Ministearje fan Oarloch wurkje wol, seit genôch.

En dan skriuwt er ek noch op syn Facebook: ‘ Ik hâld net sa fan foto’s mei flaggen en gewearkes.’ Tsja… En ja, it is itselde keardeltsje dat op Facebook: ‘Flikkerje op’ rôp tsjin jo favorite dichter. Dat wie net sa moai fan de man, fine jo ek net?

Guon minsken soene eins gjin literêre prizen krije moatte, en dan net fanwegen de literêre wearde fan harren wurk, al falt dêr betiden ek wol wat op ôf te dingen… Ik haw it fansels oer de funeste ynfloed op harren EGO.

Understeande foto makke ik justermiddei. Mei in mobyltsje. Gjin keunst. Samar klear.

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
KnillesGrutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Dat silsto nea dwaen, in reakse fuorthelle, Jo litte sa’n reaksje gewoan net ta, no.

(waiting for moderation)