Dat wie efkes skrikken hjoed! Fia Ferdinand de Jong kaam dit FB berjocht fan Henk Wolf ta my:
‘Ik hearde juster in nijsgjirrich nijtsje: de Fryske Akademy en de provinsje riede yn ferbân mei de produksje fan it ‘Fryske griene boekje’ in tal staveringswizigingen ta. Ien dêrfan is in ferienfâldiging fan de skriuwwize fan de klank [u].
De kar tusken ‘û’ en ‘oe’ sil net langer basearre wêze op de etymology. De regel wurdt tenei: yn prinsipe ‘û’, behalven as it wurd ek yn it Nederlânsk foarkomt en dêr ‘oe’ hat of as de klank stiet yn de doetiid fan in tiidwurd.
Dêrtroch soenen wy tenei “drûch” en “foeterje” skriuwe moatte, ynstee fan “droech” en “fûterje”. Didaktysk sjoen net in minne saak, al sil it al wat ûnwennich wêze yn it begjin.’
Just. Dus, de Provinsje, de Akademy en de Afûk hawwe neat betters te dwaan as de Fryske taal en literatuer te ferneatigjen. Want, dêr komt op del.
Begryp dat no ris: neidat in nije stavering trochfierd is, sil it lêstiger wurde om boeken te lêzen dy’t yn de âlde stavering skreaun binne. Dêrmei wurdt de drompel om Fryske literatuer te lêzen heger. En, binne de hjoeddeiske staveringsregels dan sa slim nei te kommen? My tinkt fan net.
Wa betinkt soks? Nammen en rêchnûmers graach! Dan kin(ne) de ferantwurdlike(n) daliks de provinsjegrinzen oerset wurde.
Jûn waarmje ik brunebeanesop op.
Updeet It liket Hindrik Sijens te wêzen dy’t hjir ferantwurdlik foar. Tegearre mei oaren nim ik oan.
Dit skreaun ik ek noch by it FB fan Henk Wolf:
‘Fan studinten mei ferwachte wurde dat se by steat binne om te LEAREN. Dat pamperjen (it maklik meitsjen) moat mar ris út wêze. Dy plannen fan Sijens en konsorten lykje my klearebare wurkferskaffing ta. Mei desastreuse gefolgen.’
it wurdt tiid dat se by de akademy begjinne mei it etymologysk wurdboek fan it frysk ynstee fan ditsoarte skytmerakels.
“De regel wurdt tenei: yn prinsipe ‘û’, behalven as it wurd ek yn it Nederlânsk foarkomt en dêr ‘oe’ hat of as de klank stiet yn de doetiid fan in tiidwurd.” Dus om Frysk te skriuwen moatst earst mar Nederlansk leare? As se by de Akademy harren best in bytsje dogge wurdt it Frysk nochris in Hollansk dialekt.
Eltse Fries syn eigen spelling. Frysk en fry, no.
Ja, wat in flauwekul. Om foar sa’n lyts taalgebied soks út te heljen. Hoefolle minsken kinne der no geef Frysk skriuwe? Behâld se asjeblyft! En sadelje se net op mei totaal unnedige nije regels, dan stjert dit oantal langsam út. Yndie wurkferskaffing, mar wol foar in hege priis. Sukkels.
Same as it ever was, no.