Neffens my haw ik it der al ris earder oer skreaun… ja, kloppet. Lês sels mar… Ik haw it oer de grutte Skriuwer en Grut kenner fan de Fryske Literatuer Kees ‘t Hart. De man hat in stikmannich jier yn Ljouwert wenne, en dêrom wit er alles fan de Fryske Skriuwerij.
Of net? It artikel stiet no online. Ik jou de link fan it literêr tydskrift ensafh. Omdat it kin.
En faaks wol ien Keesie ris maile dat er… – no, lit ik fatsoenlik bliuwe – dat er mis is. Dat literêr tydskrift ensafh wol degelik bestiet.
Haw patat + bearehap pinda iten.
Stjoer Kees ‘t Hart no even it lêste papieren nûmer fan ENSFH, dan kin er sjen dat der mar ien folslein Frysktalich literêr tiidskrift is.
Hy wennet yn De Haach – Samsom, Buma en Zijlstra witte wol op hokker adres. Dy lêsten soe’k ek mar in ex stjoere. Is goed foar de PeeeeeeeeAaaaaaaaaaaaaaR……