Oanfregers bystân nei sosjale wurkpleats stjoerd

Ûndersteand brief stjoerde ik op 22-11-2012 oan  Hayo Apotheker, boargemaster fan de gemeente Súd West Fryslân. De boargemaster hat net reagearre.

Bêste hear Apotheker
Op 01-11-2012 haw ik, ynwenner fan de Gemeente Súdwest Fryslân, in oanfraach dien foar in útkearing yn it ramt fan de WWB.
De gemeente hat sûnt ôfrûne simmer it saneamde ‘Werk Eerst’ ferplicht steld. Dit hâldt yn dat oanfregers fan in útkearing ferplicht wurkje moatte, te witten by Empatec, de sosjale wurkpleats. Dit wurk duorret maksimaal 4 wike, as ik it goed begrepen haw. De wurksumheden dy’t ik dizze wike dwaan moast bestie út it sortearjen fan wask (waskhantsjes fan doekjes skiede), it foljen fan doaskes, en etiketsjes op doaskes en fleskes plakke.
Nei oanlieding fan de earder neamde saken hie ik in oantal fragen: hat de Boargemaster en syn kolleezje wol ynsjoch yn wat der mei in wurksykjende bard as er/sy ferplichte nei de Sosjale Wurkpleats stjoerd wurdt? Kinne Boargemaster en kolleezje faaks ynfiele dat soks troch de persoan yn kwestje as tige fernederjend ûnderfûn wurde kin? Is B&W op de hichte dat it earder neamde wurk eins troch fêste wurknimmers fan Empatec dwaan wurde moat? Fine B&W it ek net in better idee om WWB-oanfregers wurk dwaan te litten dat wat mear op harren nivo is? En is it ek net better om WWB-oanfregers wurk dwaan te litten dat ek maatskiplik doel hat?
Dat jo wat foar de útkearing werom dwaan moatte fyn ik in tige reedlike saak, mar it moat dochs oars kinne.
Ik hoopje dat dizze fragen ta resultaat hawwe dat de gemeente wat kréativer mei dizze kwestje omgean sil, en oanfregers fan in WWB-útkearing net per definysje as steande op it nivo fan in Sosjale Wurkpleats behannelje sil.
Mei achtinge en groetnis:
Cornelis van der Wal
ensfh

7
Leave a Reply

avatar
7 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
5 Comment authors
john bosmaedwinDinieKnillesjosse de haan Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
john bosma
Guest

Wol nijsgjirrich eins dat je lichem, je fysyke yntegriteit, yn sok soarte fan gefallen, dus net fan jesels is, mar fan De Steat.

john bosma
Guest

Bin helaas ek bekend mei dit soarte fan systemen. Wat je hiel dúdlik makke wurd is dat it je eigen skuld is dat je yn dizze situaasje te lâne kaam binne. Wat net wier is fansels. Je kinne no sjoen wurde as ‘werkschuw tuig’, wat se no moai oan it wurk kriegen haw. Fertsjinne lean. It geniezen galmt oer de werkpleinen. Komt bot oan. Alle wurk moat gebeure, mar de ridlikens is hielendal fuort. Miskien kriegest aanst ek noch wol san fantastyske sollistaasje kursus, joen troch hysteryske types (haw ik meimakke). Skriuwe op banen die net bestean (lokkerkes fan Útstjoerburoos)… Read more »

edwin
Guest
edwin

Topbrief Cor,

gjin wurd ferkeard. Sjapoo.

Dinie
Guest

Skandalige manier fan omgean mei minsken, dy noch net iens bystandsjild krigen ha! Stigmatiserend en fernederjend. It wurdt tiid dat de media hjir omtinken oan jout.
Boppesteande reaksje mei tip is top.

josse de haan
Guest
josse de haan

De gemeente is net by steat en skriuw ûnderdaan Van der Wal in brief werom. De gemeente fiert feest yn Snits – alle wurkleazen frij drinken yn ien fan de kroegen. Dêrnei segeltsjes plakke en krystbollen ynpakke. Ik stel foar dat de gemeente SWF oan Van der Wal de opdracht jout brieven te skriuwen, meidat se dat sels net kinne. Priveebrieveskriuwer foar Hayo Apotheker. As er in gedicht better fynt kin er Van der Wal ek brûke. Sa’n grutte gemeente hat soks noadich, en tagelyk kin Apotheker yn it berie fan de gemeenten sizze – ik?, ik haw in dichter… Read more »