Bêst Boun:
nei oanlieding fan it ferslach fan jim gearkomste http://www.ensafh.nl/?p=27843 it folgjende. ‘Der sille nije minsken benadere wurde.’ As nije bestjoersleden dus. Soks fernuveret my al wat, it liket my better dat leden harsels kandidaat stelle, en dat der ferkiezingen komme, wat in nij bestjoer oanbelanget. It begryp ‘demokrasy’ is jim dochs net alhiel frjemd?
Oant no ta bin ik noch net ‘benadere’. Dat kin komme om’t ik my frijwat kritysk opsteld haw wat it ‘âlde’ bestjoer oanbelanget. Mar oan freontsjespolityk hat gjin mins ommers wat, no? Dat ik stel my hjirby kandidaat. Net allinnich as bestjoerslid, mar ek as ûntwerper fan in nije side foar it Boun, want Elske Schotanus liket my earlik sein net de oanwiisde persoan om hjir mei dwaande te wêzen.
Mei freonlike groetnis, en ik hoopje dat ik diskear al in reaksje krij, want dêr ûntbrekt it ek wolris oan.
Ja bêst, as ik thús bin aanst…
Hee Cor,
setst de reaksje fan it boun der net by?
Groetnis, Sjieuwe
Do skriuwst ek al ‘no’.
Dat is gruttepiertaal, no.