Koos Kafka

Dat wol oars net sizze dat ik Snits gjin moaie stêd fine soe! Ik haw hjir mei alle nocht wenne, oant dat dy ***ambtners mei harren ***-eftige plannen kamen. (SELSSENSUER)

Mar no hiel wat oars: Koos Tiemersma, yn syn fermomming as Froon Akker, in tige nuver, net al te oantreklik pseudonym, is de lêste tiid  oan it bloggen slein. Hiel aardich hear, mar it docht foar de safolste kear bliken dat dizze (hast eks-) foarsitter fan it Skriuwersboun de Fryske taal eins mar neat fynt. De blochkes binne allinnich yn it Hollânsk.

 Dochs in goede saak dat der meikoarten in Nije Foarsitter komt, by namme Knilles, dy’t de Fryske taal as skriuwtaal àl serieus nimt!

Wat noch folle slimmer is: Koos lêst Kafka yn it Hollânsk. Is it Dútsk blykber ek net machtich. In grut yntellektueel alsa!

No, dan mar in goed 2013 allegear.

Dus.

Waarm iten.

3
Leave a Reply

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
Grutte PierKnillessjieuwe borger Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Jou my mar Knilka, no.

sjieuwe borger
Guest
sjieuwe borger

koos skriuwt wol hast likefolle as dy, cor. hy hat al seis romans útjûn!