Wrâldfrjemde takomst

Neffens Abe de Vries is it hast net mear mooglik en jou in Frysktalige dichtbondel út. En dêrom kundiget er oan dat er stoppet mei it meitsjen fan Frysktalige dichtbondels. Wy sille sjen, oer in pear jier, dan leit der wol wer in nije Abe op it kokosmatsje.  Der binne ommers noch wol Fryske útjouwers dy’t bondels op in normale wize útjaan wolle, sûnder dat jo sels ta de ponge moatte. Mar yndied, oer útjouwers en útjouwerijen, dêr hearre jo de Provinsje nea oer. Se witte dêr ek hielendal net wat him ôfspilet yn de literêre wrâld. Wrâldfrjemde ambtners en deputearren, se dogge mar wat.

Bin op dit stuit dwaande mei it jailbreaken fan myn Aaipodde. Dat doarde ik earder nea, om’t ik benaud wie dat er stikken gean soe. Dat liket wat ta te fallen, dat… Ek yn dit gefal moat de takomst útwize hoe’t it útpakt.

Haw in bakje iten opwaarme.

Comments 4

  1. WordPress › Flater

    Der is in krityske flater west op dizze webside.

    Learje mear oer it oplossen fan problemen mei WordPress.