Argivearre omkoal + Updeet

Hjoed krige ik berjocht dat ik myn âlde weblog, yn it ferline noch as web-log skreaun, oersette koe nei WordPress.com. De omkoalen dêr hawwe in soad informaasje fernield. It moaie blog fan Albertina Soepboer bygelyks. Wat bin ik bliid dat ik de brot no sels behear fia myn eigen wordpress. Mar it âlde blog moat net fuortreitsje, der stiet genôch Fryske literêre histoarje op. Ik nim net oan dat Tresoar it argivearre hat alteast.

It giet lykwols al wer folslein ferkeard, it eksportearre bestân komt net by my oan op ien as oare wize.

No data received

Ah, no slagget it. Wy sille sjen.

No, ik hâld jim op ‘e hichte.

Sil ôfpriisde snert ite.

 

UPDEET: Ja, it is foarinoar. Dat wol sizze: it bloch kin blykber net mei diakrityske tekens omgean, dat it liket betiden wol Finsk of Gryksk. Yn elts gefal: strún mar ris om op de âlde side, foarsafier’t jo my noch net sa lang folgje. Hjirre: http://cornelisvanderwal.wordpress.com/ De links binne foar in grut part ek net mear jildich. Dus. Ik set him ek efkes hjirneist del, oan de linkerkant. Sjoch by ‘argyf âld webloch’

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of